Rydbewiis kwyt mei 142 km/h
In 60-jierrige ynwenner fan Wâlterswâld is freedtemoarn syn rydbewiis kwytrekke. De man ried mei 142 kilometer yn it oere foarby in snelheidskontrôle op de Nittersweg by Muntsjesyl. Dat is lykwols in 80 kilometer dyk.
Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.