Frou op skooter oanriden
In 54-jierrige frou fan Froubuorren is freedtemoarn ferwûne rekke by in ûngelok yn Aldebiltsyl. De frou ried op har skooter oer in krusing doe't se troch in 32-jierrige ynwenner fan Aldebiltsyl oanriden waard. De frou is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.
Der wurdt noch sjoen hoe't it ûngelok krekt barre koe.