Middel tsjin grien wetterflues

01 apr 2011 - 15:12

As it oan Wetsus leit is it aanst oer mei it griene flues op it wetter simmerdeis. It wetterynstitút is freed begûn mei in proef op it terrein fan de wettersuvering fan Ljouwert. Dat bart mei in algereaktor, in soarte fan swart skerm dat stadich grien wurdt.

Troch dy reaktor komt wetter dat al skjinmakke is troch wetterskip Fryslân. De algen helje de lêste restjes smoargens derút dy't ferantwurdlik binne foar it betiden griene wetter by hege temperatueren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)