Falske befeiligers yn Aldlân

It bedriuw Team Veilig hat bot lêst fan twa jonge mannen dy't har yn de Ljouwerter wyk Aldlân foardogge as plysje en by minsken thús sjen wolle hoe't it mei de feiligens steld is. Team Veilig is ék op paad, om feiligenssystemen te ferkeapjen.
Se belje by minsken oan en biede dan har service oan. Mar omdat de plysje yntusken in oprop dien hat om der goed om te tinken, ha de meiwurkers fan it bedriuw der lêst fan dat sy oansjoen wurde foar dy oare twa mannen.