Kolleezjepetearen geane troch

01 apr 2011 - 11:11

Formateur Margreeth de Boer praat freed wer mei de partijen dy't ûnderhannelje oer in nij kolleezje fan deputearre steaten. Grutste partij de PvdA hat it CDA, Grien Links en de FNP as earsten útnoege om te praten oer in nij kolleezje.

De petearen binne ferline wike begûn, mar der wurde gjin meidielings oer dien. De sfear is goed, wol de ynformateur wol kwyt. De petearen geane nije wike fierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)