Harnzer frou thús bestellen

01 apr 2011 - 11:00

Ut de wenning fan in 61-jierrige frou yn Harns is tongersdei jild stellen. In frou belle oan by it slachtoffer mei de fraach oft se eefkes telefonearje mocht. De frou belle in pear kear mar krige gjin kontakt. Neidat se de wenning ferlitten hie miste de frou har beurs.

Nei alle gedachten hat de frou dy pakt yn de tiid dat de bewenster in glês wetter foar har helle hie. Plysjes ha socht nei de fertochte, mar koene har net mear fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)