Smookferbod fanwege droechte

01 apr 2011 - 10:56

Yn de bosken en natuergebieten yn Weststellingwerf jildt fan freed ôf in stook- en smookferbod. De gemeente hat dat beslút naam op advys fan de brânwacht, fanwege de droechte.

Der mei yn bosken en natuergebieten gjin iepen fjoer makke wurde, der mei net smookt wurde en der mei gjin baarnend materiaal achterlitten wurde. It ferbod jildt oant de gemeente it wer ynlûkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)