Man rydt mei 137 plysje foarby

01 apr 2011 - 10:44

By de sluzen by Koarnwertersân hat de plysje tongersdei oan de ein fan de middei in Dútske snelheidsduvel oanhâlden. In man út Oldenburg ried by in snelheidskontrôle de plysje mei 137 kilometer yn de oere foarby, wylst op dat stik 70 de maksimum snelheid is.

De man moast syn rydbewiis ôfjaan en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)