Wikseling by SAM

31 mrt 2011 - 21:11

De fraksjefoarsitter fan de politike partij SAM Littenseradiel, Agatha Roozendaal, leit fuortdalik har funksje del. Se docht dat fanwege famylje-omstannichheden. Yn de gemeenteried fan Littenseradiel wurdt se opfolge troch Marie Drenth fan Easterwierrum. Marja Reyndorp fan Mantgum wurdt de nije fraksjefoarsitter.

SAM Littenseradiel is in gearwurking fan PvdA, GrienLinks en D66.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)