Nep-plysjes aktyf yn Ljouwert
Yn de Ljouwerter wyk Aldlân hawwe twa manlju har foardien as plysjeminsken. Se giene by de doarren del om wenten te kontrolearjen op feiligens.
De plysje Fryslân wit lykwols fan neat en warskôget de omwenjenden foar dizze mislieding.