De Jonge eareboarger It Fean

It wie tongersdei De Jonge syn lêste wurkdei as boargemaster
Boargemaster Peter de Jonge fan Hearrenfean is by syn ôfskied beneamd ta eareboarger fan dy gemeente. De Jonge hie yn it foar oanjûn gjin priis te stellen op in lintsje. Hy fynt dat hy as boargemaster gewoan syn wurk dien hat. De gemeenteried fûn dat wat al te beskieden en hat him dêrom foar al syn fertsjinsten beneamd ta eareboarger.
De Jonge hat mear as 17 jier boargemaster west en sil no fierder as selsstannich adviseur.