Kelvin Bossman nei SC Cambuur

31 mrt 2011 - 13:37

Kelvin Bossman spilet foar de rest fan dit seizoen by Cambuur. De 20-jierrige Bossman is ôfkomstich fan de beloften fan FC Grins. Bossman is 20 jier en is fan Ingelsk/Ganeeske komôf.Yn Ingelân hat hy foar Reading spile.

Bossman kaam dit seizoen foar it earst út foar de beloften fan FC Grins. Dêrfoar makke hy diel út fan de A-junioaren fan FC Grins. Bossman is in rjochter oanfaller. Hy is ynsetber foar de wedstriid Veendam-Cambuur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)