Hurdrider op A32 by Wolvegea

31 mrt 2011 - 10:58

Op de A32 by Wolvegea is woansdeitejûn in man fan de dyk helle omdat hy fierstente hurd ried. Plysjeminsken stiene te kontrolearjen mei in lasergun.

Op dy dyk mei 120 riden wurde, mar de man ried wol 180. Hy moast syn riidbewiis ynleverje en kin in flinke boete ferwachtsje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)