Fryske F16's al drok yn aksje

De F16's fan de Ljouwerter basis binne no in lytse wike op Sardinië. Sûnt sneon fleane se oer de Middellânske See om it wapenembargo foar Libië te hanthavenjen. Se speure dêrby nei fertochte fleantugen en skippen.
Yn Nederlân is der politike diskusje oer de fraach oft de F16's ek ynsetten wurde moatte om bommen op Libië te smiten. De kommandant fan it detasjemint hâldt him foarearst oan de opdracht dy't se krigen hawwe en dat is de hanthavening fan it embargo.