Ofskied boargemaster De Jonge

31 mrt 2011 - 10:07
Nei santjin jier ferlit Peter de Jonge de gemeente

Op It Hearrenfean wurdt tongersdei ôfskied nommen fan boargemaster Peter de Jonge. Middeis is der in ekstra riedsgearkomste, dêrnei is der in resepsje yn it Posthûs Teater.

De Jonge hat 17 jier boargemaster west fan Hearrenfean. Hy wurdt opfolge troch Tjeerd van der Zwan fan Achtkarspelen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)