Nije toer yn sintrum Snits

31 mrt 2011 - 10:00

De inisjatyfnimmers foar in nije toer by de Sint Martinustsjerke yn Snits sette de plannen troch. Se ha grien ljocht krigen om jild yn te sammeljen foar in 72 meter hege stielen toer dy't net in tsjerketoer wêze moat, mar in stedstoer. In grut part fan de 1,3 miljoen euro moat troch de mienskip yn Snits betelle wurde. De tsjerke sels betellet der net oan mei al wurde de parochyleden wol om in bydrage frege.

De toer dy't der ea by de tsjerke komme soe, is der nea kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)