Wer aksje by Romein Beton

31 mrt 2011 - 07:27

By Romein Beton op De Gordyk is it wurk tongersdeitemoarn op'e nij stillein. Ferline wike waard it wurk foar 24 oeren stillein, tongersdei leit it wurk oant 12 oere middeis stil. It is in ferrassingsaksje, de meiwurkers krigen juster in sms'ke fan it fakbûn.

De 19 wurknimmers binne ûntefreden oer it sosjaal plan nei de slúting fan it bedriuw op 1 july. De aksjefierders wolle dat Romein Beton 150.000 euro ekstra útlûkt foar in sosjaal plan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)