Opstelten wiis mei Cambuur

30 mrt 2011 - 17:30

Minister Ivo Opstelten wie woansdei op wurkbesite yn Fryslân. Hy seach by Cambuur en is te sprekken oer hoe't de fuotbalklub fandalisme by it fuotbaljen oanpakt. De minister fan feilichheid en justysje prate ek mei brânwachtfrijwilligers, boargemasters en de minsken by Cambuur.

Ek rûn Opstelten mei boargemaster Crone fan Ljouwert in rûntsje troch de binnenstêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)