Lieuwe Westra op kop yn België

30 mrt 2011 - 17:14

Lieuwe Westra fan De Tynje is de nije klassemintslieder yn de trijedaachse fan De Panne. De hurdfytser fan Vacansoleil einige woansdei by de massasprint fan de 2e etappe yn it peloton, mar naam de lieding oer fan André Greipel, dy't op achterstân oer de streek kaam. Westra stiet no earste.

Tongersdei is de lêste dei fan de trijedaachse fan De Panne. Neist in koarte rit moatte se in tiidrit ride. Lieuwe Westra is dêryn spesjalist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)