Replika's yn film oer Barentsz

Foar in film oer de ûntdekkingsreis fan Willem Barentsz wurde twa boaten brûkt dy't op Skylge makke binne. It giet om in replika fan de Barentszboat dy't twa jier lyn al makke waard op it eilân én om in hiele nije boat. Dat wurdt in replika fan it skipke dêr't Barentsz en syn mannen mei weromreizgen nei't se net fierder koene op Nova Zembla, ein 16e ieu.
Beide skippen geane nije wike al op transport nei Grienlân dêr't in part fan de film opnaam wurdt.