Famke (19) rêden út sleat

30 mrt 2011 - 14:41

In meiwurker fan de gemeente Achtkarspelen hat woansdeitemoarn it libben fan in famke fan 19 rêden. It famke wie mei har fyts yn in sleat by de Vierhuisterweg yn Surhústerfean rekke, mooglik nei't se net goed wurden wie.

It slagge de meiwurker it famke út it wetter te heljen en te reanimearjen. It famke is dêrnei nei it sikehûs fan Drachten brocht. De meiwurker fan de gemeente, in man fan 43 út Surhústerfean, kaam by tafal foarby.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)