Oerfal Kramer is nochris filme

30 mrt 2011 - 13:57

Der is noch in amateuropname makke fan de oerfal op de Ljouwerter juwelier Kramer. Oant no ta wie inkeld it filmke bekend dat in oerbuorman mei syn mobile telefoan makke op 15 maart.

Op dat filmke is dúdlik te sjen hoe't oerfallers op in reade scooter flechtsje. Dêrby waard juwelier Kramer inkele meters oer de dyk meisleept. De plysje brûkt beide filmkes yn in rekonstruksje. De plysje lit de nije bylden tonersdei fia www.dadergezocht.nl sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)