Doarpetruck sneon ûntbleate

Boargemaster Gerard van Klaveren en haadredakteur Jan van Friesland fan Omrop Fryslân sille sneon de Doch it foar dyn doarp-truck mei oplizzer offisjeel yn gebrûk nimme.
Dat dogge se om 13.30 oere yn Aldeholtpea. Dat is it earste doarp dat fiif dagen lang in heal oere live tv meitsje sil. De aksje fan Van Klaveren en Van Friesland is live te hearren yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân, alle sneontemiddeis fan 13.00 oant 18.00 oere op de radio.