Boetes foar frachtriders

30 mrt 2011 - 10:22

By in kontrôle fan swier transport op de Newtonweg yn Ljouwert binne tiisdei 19 bekeurings útskreaun. De boetes wiene foar oerbelesting, lading dy't los lei, glêde bannen, kapotte ferljochting, útstekkende lading en it net hawwen fan it goede rydbewiis.

Motorplysjes fan it team fan Ljouwert diene de kontrôles. Se krigen dêrby help fan meiwurkers fan it buro Ferkearsûngefalle-analyse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)