Man pakt foar fernielen auto's

30 mrt 2011 - 10:17

In man (46) út Surhuzum is oanhâlden, om't er nei alle gedachten 31 auto's fernield hat. De fernielerij wie ein jannewaris en ein febrewaris.

De man waard betrape troch in pear ynwenners fan Surhuzum, sy bellen de plysje. Dy hat de fertochte meinaam nei it buro. De man woe net meiwurkje oan it ferhoar, mar de plysje tinkt dat der genôch bewiis tsjin him is om him oan te klagen foar sân fan de 31 gefallen fan fernieling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)