Schouman hâldt op by Bilt

Fraksjelid Ben Schouman fan Wurkgroep It Bilt hat syn lidmaatskip fan de partij beëinige. Hy hat dit dien om't er problemen hat mei syn sûnens. Neffens Schouman kin er troch sykte net mear goed syn taken útfiere.
Ben Schouman út Sint Anne wie sûnt 2009 lid fan de skaadfraksje fan Wurkgroep It Bilt. Ferline jier waard er by de gemeenteriedsferkiezings keazen yn de ried. Schouman wurdt opfolge troch Jeroen Kima út Aldebiltsyl.