'Offaloven yllegaal yn gebrûk'

30 mrt 2011 - 07:38

De provinsje nimt de feilichheid fan boargers by de ôffaloven yn Harns net serieus en nimt in loopke mei de prosedueres. Dat seit de stichting Afvaloven Nee. Omrin hat tiisdei de oven yn gebrûk naam om't it provinsjebestjoer it feilichheidsplan goedkard hat.

Neffens Hans Gillissen fan de stichting Afvaloven Nee binne noch in soad fergunningen net ôfjûn. Hy neamt it yn gebrûk nimmen fan de oven dan ek yllegaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)