Syb as Jezus yn passyferhaal

29 mrt 2011 - 20:07

Yn Gouda is sjonger Syb van der Ploeg úteinset mei de rippetysjes fan de foarstelling The Passion, in modern lijensferhaal. Syb hat de rol fan Jezus, sjongeres Do spilet Maria en Thomas Berge is Petrus.

De foarstelling wurdt op 21 april útfierd en dan tagelyk útstjoerd op tillevyzje troch de RKK. It stik spilet him ôf op tal fan poadia yn de binnenstêd fan Gouda. The Passion spilet yn it no en wurdt multymediaal útfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)