Cambuur kin foarút

29 mrt 2011 - 19:14

Ype Smid wurdt de nije foarsitter fan de Rie fan Kommissarissen fan Cambuur. Ek Klaas Buwalda komt yn de nije bestjoersopset werom yn dy Ried. Dat stiet yn it rapport "Deursette" oer de takomst fan Cambuur, makke troch betrouwensman Jan Zeinstra.

Dissipline yn de begrutting, transparânsje yn de organisaasje en sûn ferstân boppe emoasje binne ek kearnpunten út it rapport. De gemeente Ljouwert krijt in sit yn it stiftingsbestjoer fan Cambuur

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)