Westra twadde yn De Panne

29 mrt 2011 - 16:35

Lieuwe Westra fan De Tynje is tiisdei twadde wurden yn de earste etappe fan de Driedaagse van De Panne yn België. Winner waard de Dútser André Greipel.

De etappe gie oer 194 kilometer fan Middelkerke nei Zottegem. Greipel en Westra makken yn de finale fan de rit diel út fan in kopgroep fan fjouwer. Hoewol it peleton de kopgroep yn de lêste meters noch ynhelle, koene Greipel en Westra yn de sprint foaroan bliuwe. Westra set mei syn twadde plak in belangrike stap nei de einoerwinning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)