Wurdearring foar oanpak KNVB

29 mrt 2011 - 15:58

De strangere oanpak fan geweld yn it amateurfuotbal is yn Fryslân posityf ûntfongen. It ôfrûne jier binne der yn Nederlân 2650 wedstriden stillein. Bygelyks fanwege misdragingen tsjin in skiedsrjochter. Fuotbalbûn KNVB wol spilers hjir no hurder foar oanpakke.

Spilers dy't har misdrage sille tenei flugger en langer skorst wurde en rinne sels it risiko it lidmaatskip fan har fuotbalklup kwyt te reitsjen. Neffens KNVB Noord falt it yn Fryslân relatyf noch ta mei it geweld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)