Bioboeren wolle ien biomerk

29 mrt 2011 - 12:11

Fryske bioboeren wolle ien oerkoepeljende ynternetsite opsette om oarder oan te bringen yn de gaos fan biologyske merken, ferienings en ynstânsjes yn Fryslân. Dat is besletten op in gearkomste fan de Feriening Biologyske Boeren Fryslân.

It giet om biomerken as Waddengoud, Miljeukeur, Frysk ekoprodukt en Demeter, mar sa binne der noch mear merken en ferienings. De bioboeren freegje de provinsje om subsydzje foar de nije mienskiplike website.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)