Kompjûters stellen yn Jirnsum

29 mrt 2011 - 10:47

By trije ynbraken hawwe dieven de ôfrûne dagen allerhanne kompjûters en audiofisuele apparaten stellen. Yn Jirnsum waard yn it wykein ynbrutsen yn in bedriuw oan de Rykswei. Dêr waarden twa kompjûters, twa laptops en in digitale kamera meinaam.

Yn Bûtenpost waarden bij in bedriuw oan de Edisonwei ek twa kompjûters en twa laptops stellen. Yn Ljouwert waard ynbrutsen by in bedriuw oan de James Wattstrjitte. Dêr misse se in fotoscanner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)