Dútser rydt mei 190 oer de A7

29 mrt 2011 - 10:03

De plysje hat moandeitejûn de auto en it rydbewiis fan in Dútser (21) yn beslach naam. De man ried mei 190 kilometer de oere oer de A7 fan Grins nei It Hearrenfean. De plysje joech in stopteken en naam dêrnei syn rydbewiis yn. De Dútser krige ek proses-ferbaal.

Hy mocht net fierder ride omdat syn rydbewiis ynfoardere wie. Tsien minuten letter seagen de plysjes de man dochs wer riden. Dêrop krige er op 'e nij in stopteken en diskear waard syn auto yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)