Aksje tsjin krimp Feanwâlden

It plak dêr't kafee it Honk sloopt is stiet al fjouwer jier leech
In nije ynfolling foar it sloopte kafee, it badhûs en de boumerk oan de Haadstrjitte yn Feanwâlden, moatte foarkomme dat it doarp noch fierder leechrint. Dat krijt no de heechste prioriteit by de gemeente Dantumadiel, sa is moandeitejûn bekend makke op de ledekomste fan pleatselik belang.
Feanwâlden ferliest alle jierren 40 ynwenners en is dêrmei it fluchst krimpende en fergriizjende doarp fan de gemeente. Dantumadiel hat ek foar oare doarpen in plan tsjin krimp.