Trener Hark. Boys op non-aktyf

Peter Meindertsma (foto: Sportfoto.nl)
Harkemase Boys hat moandeitejûn trener Peter Meindertsma op non-aktyf setten. De rest fan de technyske stêf nimt foarearst syn taken oer. "Wy tinke as bestjoer net dat we mei Peter Meindertsma de doelen helje sille dy't we steld ha", seit foarsitter Pieter Spinder yn in earste reaksje.
Meindertsma waard fjouwer moanne lyn oansteld as opfolger fan Henk de Jong dy't nei Cambuur gie. Yn febrewaris krige er noch in kontraktferlinging.