Jild foar helpaksje yn Gana

De sjek is yn sikehûs De Tjongerskâns oerlange
De Stichting Humanitaire Chirurgische Missies Friesland hat in sjek fan twatûzen euro krigen. It jild komt fan Round Table 68 Heerenveen. Dy skinke wol faker jild oan bysûndere inisjativen. De stifting brûkt it jild foar in medyske helpaksje yn Gana.
In groep fan fiif dokters út Fryslân sil heal april op eigen kosten nei Gana ôfreizgje. Yn ien wike tiid sille se sechstich minsken operearje dy't in ljiskbreuk hawwe.