Jeugadvysried yn gemeente SWF

Woansdei wurdt de JongerenAdviesRaad ynstallearre
De gemeente Súdwest-Fryslân krijt in JongerenAdviesRaad. No woansdei wurdt dy ried ynstallearre. Doel is dat de belangen fan alle jongeren yn de gemeente sa goed behertige wurde. Der wurdt advys útbrocht oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.
Boppedat wol de advysried de belutsenheid fan jongeren mei it wurk fan de gemeente befoarderje.