Nije boargemaster Hearrenfean

28 mrt 2011 - 17:03

Tjeerd van der Zwan wurdt de nije boargemaster fan Hearrenfean. Van der Zwan is no boargemaster fan Achtkarspelen, mar stapt oer nei It Fean. Hy folget Peter de Jonge op dy't ôfskied nimt.

PvdA'er Van der Zwan wie fan maart 2007 ôf boargemaster yn Achtkarspelen. Dêrfoar wie er wethâlder yn Lelystêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)