Opskuor reiske Aucke vd Werff

Aucke van der Werff (argyffoto)
Yn de gemeente Noardeastpolder is opskuor ûntstien oer in reiske fan boargemaster Aucke van der Werff. Hy wie earder boargemaster fan It Bilt. Van der Werff is útnoege om nei Gana te reizgjen. Mei help fan de gemeente Noardeastpolder is dêr yn in doarpke in skoalle opknapt.
No hat it doarp Van der Werff útnoege om by de skoalle te sjen, mar de VVD yn de ried fynt dat it reiske oergean moat. Yn tiden fan besunigings is de reis net te ferkeapjen, fynt de VVD.