Psychiater yn seperearsel

28 mrt 2011 - 16:17

GGZ psychiater Daniël van Dijk hat moandei in skoft fêst sitten yn in seperearsel fan syn eigen ynstelling yn Drachten. Dat wie gjin fersin en it wie ek net medysk needsaaklik.

De kliïnteried hie it betocht omdat se it goed fine om psychiaters sels fiele te litten hoe't it is om opsletten te wurden. Van Dijk hie alris tasein om mei te dwaan, mar hie gjin idee dat hy moandei út Frentsjer wei meinaam wurde soe. Hy fûn it dreech om mei te meitsjen en woe der graach út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)