Bussjauffeur frijsprutsen

28 mrt 2011 - 14:45

De 51-jierrige Jan Stoelwinder fan Ljouwert is freed frijsprutsen troch it Hôf foar de mishanneling en de dea fan in 49-jierrige man út Minnertsgea. Dêrmei komt der nei 3,5 jier definityf in ein oan de slepende saak.

Yn septimber 2007 krige Stoelwinder as bussjauffeur spul mei de Minnertsgeaster. De man wie ûnder ynfloed fan drank en drugs en woe by Stoelwinder yn de bus stappe. De twa gongen mei elkoar op 'e fûst. Beide manlju waarden oanholden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)