MOOO-projekt foar mear respekt

28 mrt 2011 - 13:31

Learlingen op de middelbere skoalle moatte mear respekt foar elkoar hawwe. Dat is de ynset fan in aksje dy't de kommende tiid hâlden wurdt op twa Drachtster skoallen.

Ut in enkête ûnder de learlingen fan de praktykskoallen De Venen en De Ring die bliken dat hieltyd mear learlingen har ûnfeilich fiele op skoalle. Dat moat oars. Dêrom is der de kommende tiid ekstra omtinken foar it goed mei elkoar omgean. Yn de les, mar ek dêrbûten mei ludike aksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)