F16's yn aksje boppe Libië

F16-jachtfleantugen fan de Ljouwerter fleanbasis fiere moandei har earste aksjes boppe Libië út. Fanôf in Navo-basis op it Italiaanske eilân Sardinië wurdt der yn it ynternasjonale loftrom patrouillearre. It giet dan om it hanthavenjen fan it wapenembargo.
Snein hawwe de lidsteaten besletten dat de Navo grûndoelen bestoke mei, mar de Ljouwerter F16's sille dêr foarearst net oan meidwaan, sa seit in wurdfierder fan definsje.