Noch gjin aksjes by Burggraaff

Personiel fan Burggraaff Bouw yn Ljouwert sil foarearst gjin aksje fiere tsjin 'e direksje. Moandei ha de bûnen opnij praat mei leden oer it struktureel te let útbeteljen fan lean. It giet om in probleem dat al langer spilet. Bliken die dat der noch te min draachflak is ûnder de fakbûnsleden om aksjes tsjin har wurkjouwer te fieren.
Begjin april sille de bûnen wer om 'e tafel mei de direksje fan Burggraaff om oer it salarisprobleem te praten.