Plysje hâldt Boerumer oan
In 41-jierrige man út Boerum is sneintejûn yn syn doarp oanhâlden troch de plysje. De man wie nei in wenning oan de Kruisstraat gien om syn dochter op te heljen. Doe't er dêr oankaam, krige er spul mei de 20-jierrige freon fan syn dochter.
Dy man warskôge de plysje dat er mishannele wie. Even letter koe de Boerumer oanhâlden wurde yn de buert fan de tsjerke.