Brân yn natuergebiet

Troch in brân yn in natuergebiet oan de Boelstrawei yn Aldlemmer, is sneintemiddei fiif hektare reidfjild ferlern gien. De brân is nei alle gedachten oanstutsen. Yn it gebiet waarden meardere lege jerrycans fûn.
It fjoer wreide him hurd út rjochting in oantal elektrisiteitsmêsten. De brânwachtkorpsen fan Wolvegea en Skerpenseel wisten foar te kommen dat it fjoer oersloech nei de heechspanningsmêsten.