Benefyt foar Japan

27 mrt 2011 - 18:06

Filmklup Cinema Ascona hâldt op woansdei 30 maart in benefytjûn foar de slachtoffers yn Japan. Lykas bekend is dat lân troffen troch in ierdskodding, in tsûnamy en mooglik in kearnramp.

De benefyt is yn sushi- en noodles- restaurant Doozo yn Ljouwert. De filmklup soarget derfoar dat der ek bylden oer Japan fertoand wurde. De tagong kostet 20 euro en is ynklusyf iten. De helte dêrfan giet nei de Dútske helporganisaasje Demira.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)