Auto fljocht yn 'e brân

27 mrt 2011 - 16:30

Op de Raarderwei by Boarnwert by Dokkum is snein in auto yn 'e brân flein. De bestjoerder ferklearre dat it gaspedaal hingjen bleaun wie en dat er de auto doe oan 'e kant set hie. Dêrnei wie it begûn te rikjen.

In man dy't fierderop wenne, hat noch besocht it fjoer út te meitsjen mei amers wetter. Dat slagge net. De brânwacht hat it fjoer úteinlik wol út krige. De reek wie yn 'e fiere omkriten te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)