Sippy wint finale Ried it Jier

Foto: Omrop Fryslân
Sippy de Jong út Ljouwert hat snein de finale fan it nostalgywykeinspultsje Ried it Jier wûn. Dy wie yn it radioprogramma Datwiedoe fan Harm Weistra. Sippy spile tsjin Theo Huitema út Aldehaske. De haadpriis is in nostalgyske radio en fjouwer tagongskaarten foar 'Beeld en Geluid' yn Hilversum, it eardere omropmuseum.
Dit wykein is it nostalgywykein by de omrop. Sneon die Geart van Tuinen in oprop om mei brommers nei de studio te kommen foar in 'brommerkonsert'.